Stichting Frjentsjerter Universiteit

De Stichting Frjentsjerter Universiteit (FRU in de wandelgangen) wil de traditie van de Franeker Universiteit levend houden. De stichting doet dit door twee keer per jaar een kolleezjedei (collegedag) te organiseren over een onderwerp dat te maken heeft met de Friese historie, cultuur of samenleving.

Voor meer informatie of een plaats op de mailinglijst kunt u hier klikken.

Kolleezjedei 12 novimber 2016

De Skiednis fan it Keatsen op’e nij besjoen. 13.00 oere yn Museum Martena

De hear Jan Hiemstra, foarsitter fan de stichting dy’t it nije Keatsmuseum beheart, sil yn dat ramt, as tarieding ta de besite oan it Keatsmuseum in ynlieding hâlde oer “de skiednis fan it keatsen”.
 
Hjirnei sil de hear Daniël Rewijk, sporthistoarikus ferbûn oan het Mulier Instituut te Utert, sprekke. Hy is skriuwer fan histoaryske boeken en hat ûndersyk dien nei de ferneamde sportpionier Pim Mulier. Pim Mulier wurdt sjoen as ien fan de grûnlizzers fan de moderne sporten yn Nederlân. Hast fan alle sporten, mar hy wie op in aparte wize belutsen by it keatsen yn Fryslân.

De hear Rewijk wol Pim Mulier syn belutsen wêzen by it keatsen útlizze as in wize wêr’t hy syn Fryske komôf op kultivearre. Wêrom socht Pim Mulier no krekt mei it keatsen oansluting by syn Fryske komôf?
 
De sprekbeurten sille hâlden wurde yn Museum Martena, Voorstraat 35 te Frjentsjer.
Dêrnei sil in besite oan it Keatsmuseum, Voorstraat 76, brocht wurde foar in begelate rûnlieding lâns de eksposysje.
 
Dizze middei sil in wichtige fynst op it mêd fan de sportskiednis foar it ljocht brocht wurde.
 
De middei duorret fan 13:00 oere oant likernôch 16.00 oere.

De kosten foar dizze middei binne  €17,50 de persoan.
Jo kinne jo foar it dielnimmen opjaan by Jacob Schiphof, fia e-brief: jacobschiphof@gmail.com mei it ûnderwerp: KD2016/2
 
Dêrby ferwachtsje wy dat jo it jild oermeitsje sille nei banknûmer  NL 55 RABO 0143548492 op namme fan de Frjentsjerter Universiteit te Frjentsjer en jo as betellingsskaaimerk: KD2016/2 oanjouwe.

Freonlik groetsjend,
It bestjoer fan de stichting de Frjentsjerter Universiteit

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Nu te zien